UNIS Flyers ferliest fan Luik: tredde wedstriid moat kampioen bepale

De UNIS Flyers binne noch gjin kampioen fan de BeNe League. De Flyers ferlearen mei 0-3 fan Bulldogs Luik, wylst de Friezen yn België noch mei 0-2 wûn hienen. Tiisdei folget de beslissing yn Luik.
In gearfetting fan de wedstriid:
Luik kaam nei sân minuten op foarsprong: Jordan Paulus makke de 0-1 foar de Belgen. Dat wie in terjochte tuskenstân, want Luik spile better.

Feanster doelpunt bliuwt út

Nei it doelpunt seach it publyk stadichoan mear driging fan de Flyers. Yn in pear power-playsituaasjes wienen de Friezen tichteby in doelpunt, mar it slagge yn de earste perioade net om in doelpunt te meitsjen.
Yn de twadde perioade fergrutte Luik de foarsprong. Bryan Kolodziejczyk makke de 0-2 nei in assist fan Paulus. De Flyers wienen dêrnei net by machte om it goed te meitsjen. Nei twa perioades wie de tuskenstân 0-2.
Ek yn de tredde perioade hie Luik de wedstriid ûnder kontrôle. De Flyers dienen der alles oan: se wikselen sels keeper Martijn Oosterwijk foar in fjildspiler, mar it smiet gjin doelpunten op. Nei in counter skoarde Luik noch wol: Yoren de Smet tikke de bal yn it lege goal. Einstân: 0-3.

Tiisdei de beslissing

Sneon einige de earste wedstriid yn Luik yn in 0-2 oerwinning foar de Flyers. De doelpunten kamen doe op namme fan Lars den Edel en Roope Nikkilä.
Yn de best-of-three is it no 1-1. Tiisdei folget de beslissing yn Luik.