Brúnfisk spielt oan op Flylân, mar libbet noch wol

Der is snein in brúnfisk oanspield op Flylân. It bist libbet noch en is oerbrocht nei in opfangsintrum fan SOS Dolfijn.
In brúnfisk op argyfbyld © SOSDolfijn
De brúnfisk is in wyfke fan 107 sintimeter en is mei help fan KNRM Flylân oerbrocht nei de fêste wâl. It bist is dêrnei opfongen yn it nije sintrum fan SOS Dolfijn op Landgoed Hoenderdaell yn Anna Paulowna.

Neo

De brúnfisk hat de namme Neo krigen en is hiel ferswakt. SOS Dolfijn meldt dat it bist net iens sels swimme kin. Neo kriget medisinen en focht en sil moandei fierder ûndersocht wurde.