It waar wie syn passy; harkje nei in petear mei Piet Paulusma út 2019

Fryslân en Nederlân ha freed op grutte skaal ôfskied naam fan Piet Paulusma dy't ferline wike snein op 65-jierrige leeftiid stoar. Yn besletten rûnte is sneon ôfskied naam fan de populêre waarman en foar de famylje de leave heit, partner en pake.
Piet Paulusma © Omrop Fryslân
Ek foar Omrop Fryslân is syn ferstjerren in grut ferlies. Tal fan Omrop-meiwurkers ha yn al dy jierren ûntelbere kearen mei Piet praat en sa faak efkes kontakt hân. In grut part fan de meiwurkers is mei de waarman grutbrocht by de Omrop.
Ein 2019, doe't Piet Paulusma twongen ôfskied naam hie fan SBS en by Omroep MAX syn passy foar it waar dochs wer útsutelje koe, wie er te gast by Simone Scheffer yn it radioprogramma Buro de Vries.
It wie in petear oer wurk, privee en klimaat, mei ek ferhalen fan oare minsken oer Piet. Hy spruts noait kwea, ek as him ûnrjocht oandien waard. Hy wie freon fan elkenien en dat woe hy altyd bliuwe. Ek oer SBS, dat him oan de kant set hie.
Harkje nei it petear:
Piet Paulusma yn Buro de Vries ein 2019