Lintsje foar Yede van Dijk alias Heabeltsje de Jong yn Bonte Sneeker Avonden

Akteur Yede van Dijk (1943) út Snits is sneon beneamd ta Lid yn de oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige de keninklike ûnderskieding fan boargemaster Jannewietske de Vries yn Theater Sneek.
Bonte Sneeker Avonden, mei links Heabeltsje de Jong © Theater Sneek
Dat barde nei ôfrin fan in foarstelling fan de Bonte Sneeker Avonden, dêr't Yede van Dijk as 'frou Heabeltsje de Jong' al jierrenlang dé dragende spiler fan is. De teäterfoarstelling soarget yn Snits alle jierren foar in wike lang in útferkochte seal mei sa'n 4.000 besikers.
Van Dijk hat him tweintich jier lang belangeleas ynset om al dy besikers in ûnferjitlike jûn te jaan. Yn 2001 kaam er by de Stichting Bonte Sneeker Avonden.
Fan 1970 oant 2002 wie er toanielspiler by it Snitser Frysk Toaniel. Ek spile er yn tal fan oare produksjes lykas iepenloftspullen en wie er aktyf as frijwilliger by ûnder oare soarchsintrum Frittemahof.