LDODK wint, mar bliuwt mei lege hannen efter; gjin play-offs

LDODK is der net yn slagge de play-offs fan de Kuorbal League te heljen. Yn de lêste ronde fan de kampioenspûl waard wol wûn, mar troch útslaggen yn de oare sealen stiet LDODK mei lege hannen.
LDODK begûn as nûmer seis fan de pûl mei de minste papieren oan de lêste ronde. Want, om troch te gean moast it fjirde plak noch helle wurde. Dêrfoar moast yn alle gefallen wûn wurde fan DOS, mar ek nûmer fjouwer KZ moast punten ferspylje.

Komfortabel

Dat der in oerwinning nedich wie, seagen de kuorballers fan Terwispel en De Gordyk sels ek. Se pakten in komfortabele foarsprong en joegen dy foar it skoft net mear fuort: 16-11.
© Actiefotografie
Nei it skoft gie it LDODK ek foar de wyn en mei 28-19 kaam de oerwinning net mear yn gefaar. Mar doe moasten de eagen noch nei Koog aan de Zaan, dêr't KZ besite krige fan DVO.
En dêr gie it mis, want dy nûmer trije fan de Kuorbal League rêde it net op: KZ wûn mei 28-21 en stelde sa it ticket nei de play-offs feilich. LDODK einiget de pûl as nûmer fiif.