Bonken moatte toeristen nei Jellum lûke: "It set ús op de kaart"

Fryslân krijt der in nije lugubere toeristyske attraksje by. Yn de tsjerke fan Jellum binne ynkoarten de bonken fan Jonker Sicke van Dekema te besjen.
By de ferbouwing fan it tsjerkje ta kultuerteäter Mammemahuis waard in bjusterbaarlike fynst dien. Under de flier kaam de grêfkelder fan Sicke van Dekema tefoarskyn.
Snein binne de resultaten fan de ferbouwing al te sjen by de iepen dei. Mar, dan is Sicke der noch net. "Der binne noch minsken dwaande om de bonken te strukturearjen", fertelt Allard van der Haring.
"Sikke en syn frou wurde yn in kiste mei glês lein. En de dochter en skoansoan komme der yn bonkekistjes neist."

Op 'e kaart

Van der Haring ferwachtet dat de lugubere attraksje mear toeristen nei Jellum lûke sil. "It is in bytsje in net-ûntdutsen toeristysk gebiet. Ik tink dat it no wat drokker wurdt mei toerisme en deitoeristen, it set Jellum op 'e kaart."