Harkemase Boys mei njoggen man nipt ûnderút, ONS Snits komt werom fan 0-3

De Fryske top-amateurklups spilen sneontemiddei alle trije in thúswedstriid, mar allinnich VV Bûtenpost koe de punten yn eigen hûs hâlde. ONS Snits lei wol in spektakulêre comeback op de matte.
Mark Bruintjes fan Harkemase Boys krijt in reade kaart © Orange Pictures
De wedstriid tusken Harkemase Boys en Sportlust '46 koe yn de earste helte net in soad hichtepunten oant dat de besikers op slach fan rêst de 0-1 makken fia Mark van der Weijden.
Yn de earste acht minuten nei it skoft joech de thúsklup it op De Bosk út hannen. Net mei tsjindoelpunten, mar mei twa reade kaarten. Yn de 47e minút krige Mark Bruintjes syn twadde giele kaart en seis minuten letter krige Iloba Achuna read foar it ûnderútheljen fan in trochbrutsen spiler.

Bal op de peal

Sportlust hold Harkemase Boys lykwols yn libben. Dêrtroch hie de Fryske klup yn de slotminuten mei twa corners sels noch kâns op in punt. Alles en elkenien gie mei nei foaren, mar ta in doelpunt kaam it net. Wol ta in counter mei in leech doel, mar Sportlust skeat de bal op de peal. It bleau by 0-1.
Troch de nederlaach stiet Harkemase Boys no mei 26 punten út 21 wedstriden op it alfde plak yn de tredde divyzje.

Heale omhaal

VV Bûtenpost hold de punten sneontemiddei tsjin hikkesluter VV Noordscheschut wol yn eigen hûs. De Fryske haadklasser wûn mei 2-0.
It earste doelpunt foel nei in lyts oerke, doe't âld-Cambuurspiler Berend Schootstra fia in heale omhaal skoarde. Max Huiskamp makke yn de 73e minút de 2-0.
Bûtenpost hat no 24 punten út achttjin wedstriden.

Comeback

Op it Zuidersportpark yn Snits hie ONS Snits in drege middei mei AVV Swift. Al nei fyftich minuten stie der in 0-3 efterstân op it skoareboerd troch doelpunten fan Noa Benninga, Guido Moelee en Fidel Yilmaz.
In minút nei de 0-3 koe Gerben Visser út in foarset fan Steyn Potma lykwols al de 1-3 binnen rinne. Dat joech de thúsploech wer wat fertrouwen. Dat waard úteinlik sels omset yn in wiere comeback.
Yn de 73e minút kopte Gabriël Fernando út in corner de 2-3 binnen en twa minuten letter waard it troch Mark Westra sels wer gelyk: 3-3. De freugde duorre net lang, want in minút letter hie Swift de foarsprong alwer werom nei't Daan Driever kompleet frij ynsjitte koe. Yn de 90e minút waard it ek noch 3-5 troch Jelle Spanninga.
Troch de nederlaach stiet ONS Snits no op fyftjin punten út njoggentjin wedstriden.