Earste grutte evenemint nei corona op Skylge: nachtlike kuiertocht Fjoertoer Skylge

Nei twa jier fan corona is de Fjoertoer Skylge it earste gruttere evenemint op it eilân dat no wol wer trochgiet.
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Gewoanwei is it kuierevenemint de start fan it toeristysk seizoen. Sawat fiiftûzen dielnimmers rinne jûns en nachts in ôfstân fan 16, 21 of 26 kilometer. De rûte dêr't se delrinne, is ferljochte.
Sa'n evenemint hawwe de measte minsken nei de coronaperioade wol ferlet fan. En de organisaasje sels ek.
"Yn it ferline koe it net trochgean, omdat der in jûnsklok wie. Dat hie neat wurden, No mei it foar it earst wer. Fernimst dat de dielnimmers enerzjy hawwe. Se hawwe der nocht oan", seit Antsje van der Zee.
Ferslachjouwer Lennard Geerts yn petear mei de organisaasje en dielnimmers
Sneontemiddei om 17.00 sette de earste dielnimmers ôf. Dyselde jûn om 1.00 oere slút de finish.
Kuierders kinne ek op in oar Waadeilân meidwaan oan in tocht: op Skiermûntseach is sneon de Monnikenloop. Dy gie earder ek net troch fanwege corona.
Earste grutte evenemint nei corona op Skylge: fjoertoerkuiertocht