Greidefûgelkenners: "Maitiidswaar te moai foar greidefûgels"

Yn Ferwâlde is freedtemiddei symboalysk it begjin fan de maitiid fierd troch boargerinisjatyf Kening, mei in slokje en in aai. By dat doarp kaam de skries Woudburen oan. Dy is te folgjen mei help fan in stjoerderke.
Minsken fan it boargerinisjatyf Kening sizze 'tsjoch' op it begjin fan de maitiid © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dizze maitiid set in stik drûger útein as ferline jier. No binne de temperatueren heger. Moai waar dus, soene jo sizze. Mar foar greidefûgels kin dat dochs minder moai útpakke.
Heechlearaar en trekekolooch Theunis Piersma: "Wy hawwe no prachtich waar en de fûgels fine dat ek prachtich waar. Mar ik haw ek wol wat noed, omdat it moaie waar suver wat te betiid komt."
Tink mar oan ferline jier, seit Piersma. "Doe wie it allegearre kjeld oant en mei fier yn april. Dan fûnen wy net leuk, mar de fûgels kinne soks prima hawwe. En der wie in soad wetter. Dus alles bleau wiet. Wy hawwe no al safolle wetter fuortpompt út de provinsje dat it al wer opdrûget. Dus eins is it waar fierstente moai foar in hiel goed seizoen."
Theunis Piersma
It wiete waar soarge der ferline jier foar dat de earste snee pas let fan it lân ôf kaam.

Wiet fûgeltsjelân

Dat oanfoljen fan gebieten mei ekstra wetter wurdt rûnom dien troch natuerorganisaasjes en boeren dy't oan agrarysk natuerbehear dogge. Sy meitsje wiet fûgeltsjelân.
Adjunkt-direkteur Chris Bakker fan It Fryske Gea is suver optein oer wat er yn sa'n grut healwiet gebiet sjocht, nammentlik de Warkumerwaard en Warkumermar: "Dêr tilt it op fan libben. Folop skriezen en hoantsen. It waar kinne jo net feroarje, mar jo kinne gebieten wol wieter meitsje."