Súdwest-Fryslan ynvestearret 3 miljoen it jier foar ûnderhâld brêgen en diken

De gemeente Súdwest-Fryslân reservearret de kommende jierren struktureel trije miljoen euro yn it jier ekstra foar de ferfanging en renovaasje fan diken, brêgen en kaaien.
De haven fan Starum © Omrop Fryslân, Sian Wierda
De ôfrûne jierren is in soad efterstallich ûnderhâld ûntstien oan de ynfrastruktuer yn gemeente Súdwest-Fryslân. De gemeente sil dêrom oan de slach mei bygelyks it ferfangen fan brêgen yn Starum, Hichtum en Easthim en it brêgedek fan de Holle Poarte yn Makkum.
Yn Boalsert en Heech wurde kaaien oanpakt en yn Ysbrechtum en Wûns giet it om de dyk.

Binnen 10 oant 15 jier

"Ik besef goed dat het nog een tijdje gaat duren tot alles klaar is, maar dit jaar wordt er al flink wat werk verzet. Voor de komende jaren zijn we al bezig om uitvoeringsprogramma's te maken", seit wethâlder Mark de Man. "Alles kan niet op het zelfde moment, er moeten afwegingen worden gemaakt.'
It wurk stiet pland foar dit jier, mei útrin oant takom jier. De gemeente is fan doel om it efterstallich ûnderhâld binnen 10 oant 15 jier fuort te wurkjen.