GGD komt mei ynformaasjekampanje foar Oekraynske flechtlingen

Yn de opfang foar Oekraynske flechtlingen yn Appelskea hat in lytse corona-útbraak west. Gewoanwei moatte se dan yn karantêne, mar de GGD hâldt der rekken mei dat flechtlingen byinoar stipe sykje. De GGD komt ek mei in ynformaasjekampanje oer faksinaasje.
© ANP
Om't de flechtlingen trauma's oprûn ha kinne troch de ôfrûne wiken, sil de GGD foar alle opfanglokaasjes sjen wat helber is wat de maatregels oanbelanget.
Om sikehûsopnamen ûnder âldere flechtlingen of minsken mei in kwetsbere sûnens te foarkommen, biedt GGD Fryslân fan april ôf faksinaasjes oan. Dit wol de GGD dwaan yn kombinaasje mei de faksinaasje fan it Rijksvaccinatieprogramma foar bern.

Ynformaasjekampanje

Om't de minsken dy't fan Oekraïne komme net wend binne oan faksinaasjeprogramma's lykas yn Nederlân, komt de GGD mei in 'zorgvuldige informatiecampagne' hjiroer.
Ut de ynformaasje fan de Ryksoerheid docht bliken dat 30 persint fan de Oekraynske befolking in faksinaasje krigen hat tsjin COVID. Dit lege persintaazje komt trochdat minsken net in soad betrouwen ha yn de oerheid en yn de Russyske en Sineeske faksins, en om't se sels foar de faksinaasje betelje moatte.

Op'e nij minder coronabesmettingen yn Fryslân

It RIVM hat de ôfrûne sân dagen 11.367 positive coronatesten registrearre by Friezen. Dat is op 'e nij minder as in wike earder (15.352). Der ferstoaren dizze wike fiif minsken mei it coronafirus.
Der binne de ôfrûne sân dagen 92 Friezen mei it coronafirus yn it sikehûs opnaam. Dat binne der minder as in wike earder, doe gong it om 95 opnamen.