De toan fan Nelleke IJssennagger: "As de kat fan hûs is"

"In grouwe reade boarre op in skouder, in bang eagjende blauwe rus op in kessen, in mottige poes ferstoppe yn in tsjokke winterjas; de ôfrûne 14 dagen wie der gjin krante dy't net in foto toande fan in flechtsjende boarger mei in húsdier ûnder de earm.
De bisten meitsje it drama yn it easten, dat wy echt wol snappe mar dochs dreech befetsje kinne om't wy it sels net meimeitsje, gek genôch ynienen noch in stik minskliker. Want ôfskied nimme fan wat datst of ien dy'tst leaf hast, is it slimste dat der is.
Fansels nimst dyn kat mei ast flechtsje silst, tocht ik. Fansels litst in bist net efter, ek al soe it bist it leafst bliuwe dêr't it is. Wa't ea mei in kat ferhúzje moatten hat, wit hoe't katten hechte binne oan in eigen fertroude omjouwing en oan rûtine.
Feroaring? Dêr hâlde sy net fan en dat litte sy dúdlik fernimme, mei eachopslaggen dy't deadzje kinne of troch har demonstratyf te ferstopjen. De iene kear dat ik it tekkentsje fan de kat ferlei, hat de kat de hiele jûn demonstratyf op 'e hoeke fan de bank sitten mei de rêch nei my ta, elts besykjen ta ta-inoar kommen fan my negearjend.
Fansels wolst dyn húsdier beskermje, tocht ik. Fansels wolst net dat in bist skrikt fan ûnfoarsisber leven. Wa't ea mei in kat Ald en Nij fierd hat, wit hoe't hiel wat bisten yn de stress reitsje kinne fan in knal. Efkes liket it fjoerwurk aardich en fynt de kat it bêst nijsgjirrich, mar as de knallen oanhâlde is de lol der gau ôf.
It leafst soest ek oare bisten as dyn eigen kat beskermje tsjin heftige en net te foarsizzen aksjes troch de minske. Mar dat giet spitigernôch net altyd. Dêr't de húsdieren bewuolle yn in tekken meigeane op de ûnfrijwillige ferhuzing, moatte fûgels, ynsekten en sûchdieren harren eigen paad fine tusken it leven en de migraasjestreamen.
It leafst soest ek minsken ûnder de earm nimme en beskermje, tsjin oarloch, flechtsje, en tsjin sykte en de dea. Tsjin fertriet. Mar ek dat giet spitigernôch net.
Fansels wolst gjin ôfskied nimme fan in dierbere, oft dit no in bist, famyljelid, plak, freon, kollega of Frysk ikoan is, tocht ik. Eltsenien dy't wolris ôfskied nommen hat, wit hoe ferskrikkelik dat is, datst witst datst ien foar it lêst sjoen hast, foar it lêst sprutsen hast en datst gjin nije dingen mear tegearre meimakkest.
Eltsenien dy't dat wolris meimakke hat, wit ek hoe nuver it is dat de wrâld yntusken gewoan trochgiet. Wannear't de kat fan hûs is, giet alles troch.
De natuer giet syn gong. De sinne komt wer op. De maitiidsblommen steane fleurich te bloeien yn 'e maartsinne en eltsenien wurdt der fleurich fan. Fan de kleuren, fan it ljocht, fan de maitiid. Yn de greiden binne hieltyd mear lamkes te sjen, dy't fleurich omdjoeie en genietsje fan harren earste passe op de Fryske greide. De fûgels sjonge alle moarnen mei fjoer en faasje.
Ik sjoch ús kat op 'e hikke sitten en nei de greide fan 'e buorman stoareagje. Syn sturt giselet ûngeduldich. De kat sit him yrritearre ôf te freegjen wêr't dy lamkes fan de buorman ynienen wei komme en wêrom't dy eksters no safolle leven meitsje moatte. Ynienen besef ik hoe bliid ik bin dat ús kat net fan hûs is en dat ús eigen libben hjoed gewoan syn gong gean kin.
Yn de maartsinne gean myn gedachten út nei eltsenien dy't hjoed ôfskied nimme moat."