'Foldwaande basis' foar koälysje mei FNP, CDA, PvdA en GrienLinks yn De Fryske Marren

De FNP, CDA, PvdA en GrienLinks yn De Fryske Marren sjogge foldwaande basis foar it formearjen fan in koälysje.
Earder wie al konstatearre dat in koälysje mei dizze fjouwer partijen op in grut draachflak fan de gemeenteried rekkenje kin. De ôfrûne wiken fierden de partijen ferskate ferkennende petearen.
Formateur Felix van Beek sil no oan de slach, sadat op koarte termyn in koälysje-akkoart op haadlinen oanbean wurde kin oan de ried. Ynset is om foar it simmerreses ta in ôfrûning te kommen.

Stân fan saken (lêste update: 21 juny)

Gemeente Status
Achtkarspelen Kolleezje CDA, FNP en Gemeentebelangen wurdt 9 juny ynstallearre.
Amelân AmelandEén en Algemeen Belang Ameland besykje in koälysje te formearjen.
Dantumadiel Sociaal Links, ChristenUnie, Gemeentebelangen en SGP binne ta in akkoart kaam.
Eaststellingwerf Formateur Bert Bouwmeester (D66) wurket mei Ooststellingwerfs Belang, CDA, PvdA en GroenLinks. Dy hawwe de VVD útnûge om mei te praten.
Flylân Politike gaos. Formateur Johannes Kramer hat syn funksje dellein, earder die Tom van Mourik dat ek al.
De Fryske Marren FNP, CDA, PvdA en GrienLinks binne dwaande mei it opstellen fan in koälysje-akkoart op haadlinen
Harns Ynformateur Erik de Groot (PvdA) advisearret akkoart op haadlinen dêr't alle partijen oan meiskriuwe kinne. Bestjoerskundige Rieks Osinga moat it proses begeliede.
Hearrenfean PvdA, VVD, GrienLinks en CDA fiere petearen ûnder lieding fan formateur Jelle Zoetendal (PvdA).
Ljouwert Kolleezje fan PvdA, GroenLinks, Gemeentebelangen en CDA is op 1 juny presintearre.
Noardeast-Fryslân Kolleezje besteande út FNP, S!N en Gemeentebelangen ynstallearre.
Opsterlân Koälysje fan Opsterlands Belang, FNP, PvdA en ChristenUnie advisearre. Maaike Prins (CDA) sil dêr as formateur mei fierder.
Skiermûntseach Samen voor Schiermonnikoog en Schiermonnikoogs ha in koälysje-akkoart sletten.
Skylge Koälysje tusken VVD en Plaatselijk Belang is rûn. Kolleezje bestiet folslein út froulju.
Smellingerlân Ynformateur Geart Benedictus (CDA) advisearret in koälysje fan CDA, ChristenUnie, VVD, GrienLinks en FNP.
Súdwest-Fryslân Kolleezje besteande út PvdA, CDA en FNP ynstallearre.
Tytsjerksteradiel Formateur Hendrik ten Hoeve wurket mei FNP, CDA en PvdA/GroenLinks oan in nij kolleezje.
Waadhoeke Kolleezje besteande út SAM, Gemeentebelangen en FNP ynstallearre.
Weststellingwerf It nije kolleezje wurdt foarme troch VVD, CDA, Weststellingwerfs Belang en Sociaal Duurzaam Weststellingwerf.