'Foldwaande basis' foar koälysje mei FNP, CDA, PvdA en GrienLinks yn De Fryske Marren
De FNP, CDA, PvdA en GrienLinks yn De Fryske Marren sjogge foldwaande basis foar it formearjen fan in koälysje.
Earder wie al konstatearre dat in koälysje mei dizze fjouwer partijen op in grut draachflak fan de gemeenteried rekkenje kin. De ôfrûne wiken fierden de partijen ferskate ferkennende petearen.
Formateur Felix van Beek sil no oan de slach, sadat op koarte termyn in koälysje-akkoart op haadlinen oanbean wurde kin oan de ried. Ynset is om foar it simmerreses ta in ôfrûning te kommen.
Stân fan saken (lêste update: 21 juny)
Gemeente | Status |
Achtkarspelen | Kolleezje CDA, FNP en Gemeentebelangen wurdt 9 juny ynstallearre. |
Amelân | AmelandEén en Algemeen Belang Ameland besykje in koälysje te formearjen. |
Dantumadiel | Sociaal Links, ChristenUnie, Gemeentebelangen en SGP binne ta in akkoart kaam. |
Eaststellingwerf | Formateur Bert Bouwmeester (D66) wurket mei Ooststellingwerfs Belang, CDA, PvdA en GroenLinks. Dy hawwe de VVD útnûge om mei te praten. |
Flylân | Politike gaos. Formateur Johannes Kramer hat syn funksje dellein, earder die Tom van Mourik dat ek al. |
De Fryske Marren | FNP, CDA, PvdA en GrienLinks binne dwaande mei it opstellen fan in koälysje-akkoart op haadlinen |
Harns | Ynformateur Erik de Groot (PvdA) advisearret akkoart op haadlinen dêr't alle partijen oan meiskriuwe kinne. Bestjoerskundige Rieks Osinga moat it proses begeliede. |
Hearrenfean | PvdA, VVD, GrienLinks en CDA fiere petearen ûnder lieding fan formateur Jelle Zoetendal (PvdA). |
Ljouwert | Kolleezje fan PvdA, GroenLinks, Gemeentebelangen en CDA is op 1 juny presintearre. |
Noardeast-Fryslân | Kolleezje besteande út FNP, S!N en Gemeentebelangen ynstallearre. |
Opsterlân | Koälysje fan Opsterlands Belang, FNP, PvdA en ChristenUnie advisearre. Maaike Prins (CDA) sil dêr as formateur mei fierder. |
Skiermûntseach | Samen voor Schiermonnikoog en Schiermonnikoogs ha in koälysje-akkoart sletten. |
Skylge | Koälysje tusken VVD en Plaatselijk Belang is rûn. Kolleezje bestiet folslein út froulju. |
Smellingerlân | Ynformateur Geart Benedictus (CDA) advisearret in koälysje fan CDA, ChristenUnie, VVD, GrienLinks en FNP. |
Súdwest-Fryslân | Kolleezje besteande út PvdA, CDA en FNP ynstallearre. |
Tytsjerksteradiel | Formateur Hendrik ten Hoeve wurket mei FNP, CDA en PvdA/GroenLinks oan in nij kolleezje. |
Waadhoeke | Kolleezje besteande út SAM, Gemeentebelangen en FNP ynstallearre. |
Weststellingwerf | It nije kolleezje wurdt foarme troch VVD, CDA, Weststellingwerfs Belang en Sociaal Duurzaam Weststellingwerf. |