Grutte publyk nimt massaal ôfskied fan Piet Paulusma: "Hy hie it sa wollen"

It grutte publyk hat freedtemiddei massaal ôfskied naam fan Piet Paulusma. De ôfskiedsgearkomste yn it Entrepotgebou waard tusken 12.00 en 17.00 oere troch seker 6.000 minsken besocht.
It ôfskied fan Piet Paulusma:
De waarman stoar ôfrûne snein op 65-jierrige leeftiid oan de gefolgen fan kanker. Hy wie al langer siik, mar woe net dat dat bekend waard. Ferline wike fersoarge er noch it waarberjocht foar Omrop Fryslân en Omroep MAX.

Kleurrike blommen

De famylje fan Paulusma hie witte litten dat it 'tige winske' wie as it publyk kleurrike blommen meinimme soe. Dat waard dan ek massaal dien. It is de bedoeling dat fan de blommen in kompostbult makke wurdt, dy't dêrnei brûkt wurdt om in Piet-fjildsje te meitsjen yn Harns. Piet hold fan fleurige blommen.

Ruten iepen

De ruten yn it Entrepotgebou stiene freed iepen. "Dit hat Piet allegearre sa wollen. Dat hat er sa beskreaun. Alles iepen. Moai rjochting see", sei útfeartbegelieder Casper van Veen.
Troch it iepensteande rút foel der presys in sinnestriel op de kiste fan Piet. "Moaier kin net. Krekt of stjoert er it sels noch even", seit Van Veen.
In sinnestriel falt op de kiste fan Piet © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De minsken dy't ôfskied nimme woene kamen út it hiele lân. Sa wie der in man út Zoetermeer, menear De Jager. "Ik wilde toch even afscheid nemen van Piet Paulusma", seit er. "Ik ging in juli naar Harlingen en toen liep ik langs zijn huis. Hij had zijn raam open en ik zei: 'Hallo, Piet!'. Toen zei hij: 'Kom maar even binnen'." De Jager sil dat nea ferjitte, seit er.
Neffens ferslachjouwer Hayo Bootsma wiene der ek minsken út oare dielen fan it lân. "Ik haw minsken troffen út Limboarch, Arnhem en Den Haag. Minsken sitte trije of fjouwer oeren yn de trein om yn Harns te wêzen en it momint te pakken."
"Dat dogge se om't Piet dêr in kear west hat om it waar te dwaan. Sa bout er in bân op mei minsken. Hy kaam by harren en no wolle se nei Piet ta", seit Bootsma.
Krekt nei 17.00 oere waarden alle blommen ophelle en gienen de doarren fan it Entrepotgebou ticht. Dêrmei kaam in ein oan it publike ôfskied sa as Piet it woe.
De útfeart fan Paulusma is sneon yn besletten rûnte.
Piet Paulusma yn desimber 2019, by de Alvestêdehal yn Ljouwert © ANP
Sawol by Omrop Fryslân as by Omroep MAX binne sûnt it ferstjerren fan de waarman in soad berjochten fan meilibjen binnenkaam.
Op Memori.nl, in webside dêr't minsken in digitaal kearske oanstekke kinne, binne dizze wike ek tûzenen berjochten foar Paulusma efterlitten.