Skoftke koade giel om tichte mist yn Fryslân

De KNMI warskôge freedtemoarn yn Fryslân mei koade giel foar tichte mist. Op guon plakken wie it sicht minder as 200 meter.
In âlde foto fan mist op It Hearrenfean © Albert Thibaudier
Dat koe foar gefaarlike situaasjes yn it ferkear soargje, sei it waarynstitút. Minsken op de dyk moasten de snelheid oanpasse en genôch ôfstân hâlde.
De mist koe op guon plakken hommels optrede. Yn de rin fan de moarn waard it better. Om 8.00 oere jilde koade giel net mear.