Lanlik foar it earst mear net-leauwenden: protestantsk Fryslân wie earder
Foar it earst sûnt wy it byhâlde binne der mear minsken dy't net leauwe as dy't wol leauwe yn Nederlân, docht bliken út ûndersyk fan Sociaal Cultureel Planbureau. Fryslân wie dat punt al earder foarby.
Dat dit yn Fryslân al lang it gefal is, hat neffens Dirk Postma te krijen mei it ferskil tusken katoliken en protestanten. Postma is sosjaal wittenskipper by it Fries Sociaal Planbureau.
Protestantsk-kristlike tradysje
Hy seit: "Protestantsk-kristliken binne wat dúdliker yn harren stânpuntbepaling. Dy sizze: we binne tsjerklik of wy binne net tsjerklik. As wy net-tsjerklik binne, dan neame wy ús ek net mear protestantsk. By katoliken is dat oars."
De tradisjoneel tsjerklike groep is wol relatyf grut yn Fryslân, mar it oantal minsken dat him leauwend neamt is lytser.
It bliuwt wat spekulaasje, jout Postma ta. "Mar ik doar wol út te sprekken dat it te meitsjen hat mei de protestansk-kristlike tradysje yn Noard-Nederlân. As jo net mear nei tsjerke ta geane, dan litte protestansk-kristlike minsken earder it leauwen efter har. In hiel soad minsken dy't katolyk grutbroch binne en net mear nei tsjerke geane, jouwe faker oan har noch wol katolyk te fielen."
Ferskil tusken leauwend en tsjerklik
It hat in proses fan desennia west, jout Postma oan. "Wat wy sjogge is dat binnen de groep leauwenden de groep tsjerkliken lytser is. Sa'n 15 persint seit dat sy alle wiken nei tsjerke ta gean of op syn minst ien kear yn de moanne. Dus it oantal minsken dat him leauwend neamt, is folle grutter as de groep tsjerkliken."
It Sociaal Cultureel Planbureau basearret him op ûndersyk wêryn't minsken frege wurdt oft se yn God leauwe. "Dan sjogge je dat minsken dy't al jierren net mear nei tsjerke ta geane, harren noch wol ferbûn fiele mei de tsjerklike tradysje."
Sinjouwing
De tsjerke hat lang in wichtige rol spile yn sinjouwing, mar yn de rin fan de tiid binne der ek oare wizen ûnwikkele om it libben sin te jaan.
It falt yn it ûndersyk op dat minsken dy't tsjerklik binne, faker frijwilligerswurk dogge. "Dat sjogge wy yn Fryslân ek. Sy jouwe wat mear blyk dat se omsjogge nei oaren. Mar wy sjogge ek dêr dat der nije foarmen fan partisipaasje ûntstean. Net altyd fia de tsjerke of fia in feriening, mar op oare wizen. Tink mar ris oan hoe't minsken harren ferbûnens mei minsken yn Oekraïne ta útdrukking bringe."