Harkje hjir nei in radio-útstjoering mei muzyk fan Piet Paulusma

Op de dei dat it grutte publyk ôfskied nimme koe fan waarman Piet Paulusma, makke Omrop Fryslân in spesjale útstjoering fan it radioprogramma No derfoar!
Piet Paulusma as DJ © Omrop Fryslân
Piet Paulusma is 65 jier âld wurden. Hy wie al langer siik, mar hy woe net dat dat bekend wurde soe.
De muzyk yn it programma fan freed is útsocht troch Piet Paulusma sels. It binne platen dy't er earder draaid hat yn de radioprogramma's No derfoar! en Weistra op wei fan Omrop Fryslân.
It programma No derfoar! mei de muzyk fan Piet Paulusma is werom te hearren fia útstjoering mist fan Omrop Fryslân. It wie fan 09:30 oant 12 oere op de radio.

Pietplaat

Foardat er bekend waard as waarman, wie Piet Paulusma aktyf as DJ. Sa kaam it dat er by Omrop Fryslân ek alle dagen ien fan syn favorite platen útsykje mocht. Dy plaat waard 'de Pietplaat' fan de dei.

Chiquitita

Yn oerlis mei de famylje fan Piet en syn assistinte Ingrid Joustra hat presintator Harm Weistra fan Omrop Fryslân in list gearstald út de muzyk dy't Piet Paulusma yn de ôfrûne jierren draaid hat by him yn de útstjoering.
"Dat wie noch net maklik", seit Weistra. "Want der hawwe yn al dy jierren hiel wat Pietplaten west. Ien plaat moast der beslist yn. Dat wie Chiquitita, fan Abba. Dat wie in grutte hit yn de sniewinter fan 1979."
"Sa sjogge je mar wer", seit Weistra. "Sels by it útsykjen fan de muzyk wie Piet Paulusma altyd mei it waar dwaande."