HEA! De babyboom yn Poppenhuzen

Yn Poppenhuzen waarden yn 2011 binnen seis wiken tiid fiif poppen berne. Yn de lytse buorskip by Aldeboarn wenje mar sa'n 20 húshaldingen, dus it wie in unyk barren.
HEA! Pe babyboom yn Poppenhuzen
De heiten en memmen hawwe inoar troch dit bysûndere barren better kennen leard. De memmen giene mei-inoar nei de gymnastyk foar froulju yn ferwachting en de heiten makken mei-inoar in boerd dêr't alle nammen fan de berntsjes op kamen te stean.
Yntusken binne de poppen fan doe teeners. HEA! seach mei de heiten, memmen en de bern werom.