Dwight Lodeweges seit 'nee' tsjin Cambuur: "Mijn vrouw heeft me nodig"

Dwight Lodeweges wurdt net de nije ynterim-trainer by SC Cambuur. De 64-jierrige oefenmaster stie boppe-oan it listje fan de Ljouwerters, mar hat fanwege privee-omstannichheden 'nee' sein.
Dwight Lodeweges © Orange Pictures
Cambuur is nei it fuortfallen fan Henk de Jong op syk nei in ferfanger foar de rest fan dit seizoen. Ut de technyske stêf wei kaam it fersyk foar in pear ekstra earen en eagen.
Ald-trainer Dwight Lodeweges wie ien fan de kandidaten om dy rol yn te foljen, mar omdat syn frou ferline jier in ûngelok hân hat en noch yn it werstelproses sit, hat Lodeweges de Ljouwerters ôfsein.
Ik kon eerder met Giovanni van Bronckhorst mee naar Schotland, maar ook dat heb ik niet gedaan.
Dwight Lodeweges
"Ze hebben me inderdaad gebeld om Pascal Bosschaart en Martijn Barto bij te staan, maar ik doe het niet. Ik zit nog altijd in dezelfde situatie dat ik thuis nodig ben", seit Lodeweges.
Cambuur is net de earste klup dy't nei syn fuortgean by PEC Zwolle by him kaam is. "Zo kon ik eerder met Giovanni van Bronckhorst mee naar Schotland, maar ook dat heb ik niet gedaan. Cambuur is geen optie, mijn vrouw heeft me nodig."

"Iemand met ervaring"

Technysk manager Foeke Booy wol net yngean op de namme fan Lodeweges, mar jout wol oan dat de klup yndie in ôfsizzing krigen hat fan in kandidaat. "Dat moeten we respecteren."
De syktocht fan de Ljouwerters giet dêrmei fierder. Dúdlik is dat dy nije tydlike man foldwaan moat oan de easken dêr't Lodeweges ek oan foldie, sa seit Booy: "Wij zoeken geen jonge, ambitieuze trainer, maar we willen iemand met ervaring."
Cambuur hopet foar de earstfolgjende thúswedstriid tsjin NEC in nije ynterim-trainer presintearje te kinnen.