Advysrie: mear omtinken nedich foar natuer by dykfersterking Waadseekust

De natuer moat better meinommen wurde by de fersterking fan de Waadseekust fan Koehoal oant de Lauwersmar. Dat fynt de Commissie voor de milieueffectrapportage (MER) yn in tuskentiids advys.
De kust tusken Koehoal en Westhoek © Remco de Vries, Omrop Fryslân
Der binne ferskillende plannen foar de dykfersterking besjoen troch Wetterskip Fryslân, de provinsje en Rykswettersteat nei oerlis mei in soad belanghawwers. Dêrby hawwe benammen boeren út de streek har hearre litten tsjin mear romte foar natuer binnendyks.
Der is no in favoryt plan keazen en de provinsje hat de MER-kommisje frege om dat plan ris goed te ûndersykjen. En de konklúzje fan de kommisje is hiel dúdlik: net allinnich de natuer is ûnfoldwaande meinaam, mar it is ek ûnfoldwaande om de wetterfeiligensproblemen op te lossen.

Wetlike ferantwurdlikens

Dy opjefte om de natuer te ferbetterjen is net samar in kar: it is Ryksbelied. En dat is om't de natuer yn it Waadgebiet efterút buorket. It Ryk dielt mei de provinsje in wetlike ferantwurdlikens om dêr wat oan te dwaan.
Provinsje, Wetterskip Fryslân en Rykswettersteat hawwe yn in reaksje op it advys witte litten dat sy noch mei stappen komme om dit probleem op te lossen.