GrienLinks en PvdA Achtkarspelen omearmje inoar: "Tenei ien blok"

De riedsfraksjes fan GrienLinks en de Partij van de Arbeid yn Achtkarspelen hawwe besletten tenei mei-inoar op te lûken. De fraksjes foarmje ien blok yn koälysje-ûnderhannelingen en de ried.
In boerd mei ferkiezingsposters yn De Harkema © Omrop Fryslân
De fraksjes hawwe it beslút bekend makke op it debat nei oanlieding fan de gemeenteriedsferkiezingen. De fraksjes fine dat sy bûnsgenoaten binne mei in soad 'ideologyske en polityk-programmatyske oerienkomsten.' En de ferskillen dy't der binne, steane in gearwurking net yn de wei.
"Wy hawwe inoar omearme en sille inoar net mear loslitte", litte de fraksjefoarsitters witte. It stiet net op himsels, ek lanlik ûndersykje de partijen op links hoe't sy gearwurkje of sels fusearje kinne.