Biltske act Faske wol trochgroeie: "Ankem jaar op ‘e groate festivals"
Mei Lucky Fonz III, Boudewijn de Groot en Ronnie Flex as ynspiraasjeboarnen makket Faske de lêste jierren namme as in frisse act yn de Fryske popkultuer. Syn muzyk 'schuurt en prikkelt'.
Jurjen van der Molen en Fasil Kuipers binne de gesichten efter Faske. Faske timmeret lekker oan 'e wei en stiet yn ferskate sealen.
Muzyk yn it jongereinsintrum
Fasil, dy't opgroeid is yn Sint-Jabik, wie as bern graach kreatyf dwaande mei teäter, muzyk en tekenjen. Letter op de middelbere skoalle gie er mei syn freonen op syk nei ferdivedaasje. Fan sjekjes smoke, fikky stoke en in keet bouwe ta it meitsjen fan muzyk yn de studio fan it jongereinsintrum.
"'t Waar 'n frij sorgeloaze tiid. In 'n dorp is 't minder krampachtig. In 'n stâd hestou 't over probleemjongeren en hestou allegaar jongerenwerkers. Dan dink ik: wat hewwe die kines dan deen? Dan gong 't om 'n jonge die't 'n jointsy rookte of 'n bâl deur de rútten gooide.. Tsja."
Yn Sint-Jabik gienen se dêr hiel oars mei om: "Dan saaien se: "Dou hest fast wel 'n bijbaantsy. Betaal 't rút maar." Dan waar 't ok klaar. Maar in 'e stâd mot de plisy d'r fort bij, de skoal op 'e hoogte. Wij konnen gewoan streken úthale."
Yn Noardewyn, alle trochdewykse dagen te beharkjen fan 18.00-19.00 oere, besteget presintator Willem de Vries omtinken oan de Fryske popmuzyk. Geregeld binne bekende artysten te gast en wurde live-optredens jûn.
As artyst is Fasil ekstravagant, mar it nochtere fan It Bilt fielt as thúskommen. Hy begûn mei it spultsje Guitar Hero yn stee fan mei in gitaar. "Ons hait en mim saaien: "Speul eerst dut en dat maar op Guitar Hero en at dat goed gaat, kin d'r 'n gitaar komme", want 'n gitaar is gewoan duur."
Fan U2 oant Ronnie Flex
Hy groeide op mei de band U2 fia syn heit, mar ek fia telefyzje krige er muzyk mei. Op TMF bygelyks, dêr't in soad bands, lykas Linkin Park, Korn en Green Day draaid waarden. It like him aardich ta om in stoere gitarist te wêzen. Fan de middelbere skoalle ôf kaam er mear yn kontakt mei hiphop en artysten as Ronnie Flex, Mr. Polska en Hef.
"Hiphop út 2009 tot 2017 fon ik heel leuk. Der worde ik deur inspireerd, maar op 'n stoit worde 't meer pop. Se doen nou allegaar 'n bitsy 't selde. Der hou ik niet soa fan. Der bin ik op 'n bepaald stoit op útkeken", seit Fasil.
Skriuwen siet der by Fasil altyd al yn, doe't er syn gitaar krige, begûn er fuort ferskes te meitsjen en letter ek op te nimmen. Dêr moete hy Jurjen dêr't er tal fan nûmers mei makke hat. De earste dy't se tegearre útbrochten wie Oseaan. Jurjen makket de muzyk en Fasil de teksten, se kinne mei-inoar 'sparre' en wurkje rjochte oan wat se útbringe.
In protte ideeën
"Wij beginne altiten met 'e mezyk. In 'e regel gaan wij nag deselde avend, of de dâg derop, met tekst en sang an 'e gang. Ik hew thús al 230 nummers maakt en met Jurjen sit ik ok al an de 70, 80. Wij hewwe altiten 'n prot ideeën."
Sa ha se no in deal mei in distributeur fan Spotify dy't eksakt wit wat der nedich is kwa cover-art en statistyk. Dêrtroch kin Faske him rjochtsje op it meitsjen fan muzyk. Faske wurdt no faak frege foar live-optredens.
Fasil fynt de miks fan muzyk meitsjen en optreden noflik en wol fan 'e muzyk libje.
Op dit stuit studearret Fasil bedriuwskunde en is er dwaande mei de twadde plaat fan Faske, dy't no noch 'finetuned' wurdt. Yntusken tinkt er nei oer cover-art en fideo's en reizget er troch it lân mei syn band dy't bestiet út Ivo Kraan, Jelmer Veenstra, Dylan Betten, Jurjen van der Molen en Fasil sels.
Grutte festivals
Ek wurdt op dit stuit wurke oan in goeie live-act, sadat se net gau fergetten wurde sille. Dit jier stiet Faske op keningsnacht yn Breda en binne der noch ferskate optredens yn popsealen. Takom jier wol Fasil graach op de grutte festivals stean.
"At se belle dat se ôns graag boeke wille, dan komme wij fansels opdagen. Wij hewwe al wat sjoos op 'e aginda staan. 't Gaat reedlik en nou wille wij graag deurpakke."
De kar fan Faske
Artyst | Nûmer |
Herman Brood & Henny Vrienten | Als je wint |
Ronnie Flex | Regen in de tuin |
Bon Iver | Flume |