Hennepkweker moat hûs út

23 nov 2011 - 21:19

De bewenner fan in hûs oan de Eikenstrjitte yn Ljouwert moat fan de wenningbouferiening ferhúzje. De man hie in himpplantaazje yn syn hûs.

De plysje fûn dêr 146 lege blompotten wylst de man yllegaal elektrisiteit ôftape. De bewenner wie der net, mar kaam letter sels nei it plysjeburo. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
himp
(advertinsje)