Needklok oer bernemishanneling

Behannelsintrum Fier Fryslân yn Ljouwert liedt de needklok oer de bernmishanneling. Ut ûndersyk troch it Nederlands Jeugdinstituut dêr't ek Fier Fryslân oan meiwurke hat, docht bliken dat jierliks 118.000 bern mishannele wurde. Seker 15 bern oerlibje de mishannelings net. Reden foar Fier Fryslân en ferskate oare organisaasjes om oan de bel te lûken.
De berne-ombudsman hat de rapporten woansdei oanbean oan de Twadde Keamer mei it fersyk stranger op te treden.