Listlûker CDA It Amelân net yn de ried fanwege online yntimidaasje

Listlûker Jeroen de Jong fan it CDA op It Amelân lûkt him werom en nimt syn riedssit net yn. Oanlieding is online yntimidaasje yn de famyljesfear.
It Amelân © Shutterstock.com (R. de Bruijn_Photography)
Nûmer twa Heru Metz fynt dat hy noch te min ûnderfining hat om de fraksje te lieden en nimt it plak fan De Jong dêrom net oer. De leden hawwe dêrop Suzanna Twickler, de foarsitter fan it CDA op It Amelân, frege om it plak fan Jeroen de Jong oer te nimmen. Dêr hat se mei ynstimd. De Jong bliuwt wol aktyf foar it CDA, mar dan efter de skermen.