Fraach nei bloed en plasma nimt ta, Sanquin siket 2.000 Fryske donoaren

Bloedbank Sanquin siket 2.000 nije donoaren yn ús provinsje, benammen yn Ljouwert. Dat is in flinke put: op it stuit binne der sa'n 4.000 donoaren yn de Fryske haadstêd. Mar de fraach nei bloed en plasma nimt ta.
In man donearret bloed by Sanquin © ANP
"We zien dat donors op dit moment wat minder vaak reageren op een uitnodiging om te doneren", seit Merlijn van Hasselt fan Sanquin. Dat komt neffens him troch sawol it coronafirus as de gryp.
As ien him net fit fielt, mei dy nammentlik net delkomme om te donearjen. "Dan zou er iets in het bloed kunnen zitten, wat een risico is. Als iemand corona of griep heeft, kan die dus thuisblijven."

Sikehûzen sille mear bloed nedich ha

De opkomst is dêrtroch sa'n 10 prosint leger wurden en dat hat in direkt effekt op de foarried. Der is minder bloed beskikber foar de sikehûzen.
De skea foel de ôfrûne twa jierren ta, omdat sikehûzen minder operaasjes útfierden. "Daardoor bleef het aardig in evenwicht. Maar de boel gaat weer open en ziekenhuizen zijn operaties aan het inhalen. Dus de vraag naar bloedvoorraad herstelt zich ook."

Plasma ek hurd nedich

En Sanquin freget net allinnich om bloed, mar ek om plasma. De fraach dêrnei giet alle jierren mei sa'n 7 prosint omheech.
Plasma is nedich as grûnstof foar plasmagenêsmiddels. "Absoluut belangrijk voor patiënten die problemen hebben met stolling of afweer", seit Van Hasselt. "Daarvoor heb je echt plasma van mensen nodig."
Minsken dy't har oanmelde wolle as donor, kin dat dwaan op de webside fan Sanquin. De bloedbank stjoert dan in útnûging om del te kommen.