Riedsleden foar it earst byinoar: njonkenfunksjes, foarkarsstimmen en twivels

De nije gemeenterieden komme dizze dagen foar it earst byinoar, om mei elkoar en mei it amtlik personiel yn 'e kunde te kommen. By de earste moeting yn Ljouwert wiene de njonkenfunksjes ien fan de ûnderwerpen fan petear.
De gemeenteried fan Ljouwert foar it earst byinoar © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Nije en âlde riedsleden giene by de griffier del foar de needsaaklike ferklearrings en dokuminten. Dêr koenen se help krije by de saneamde 'betrouwensbrieven', dêr't ûnder oaren yn stean moat dat it wenplak yn de gemeente sels is.
Mar it giet dus ek oer it opjaan fan berop en funksjes, de 'njonkenfunksjes'. Dat is nammentlik net altyd like dúdlik foar elkenien.
"Dêr is wol ris wat betizing oer", seit griffier Frans van der Heide. "Neist it riedslidmaatskip is jo gewoane baan in njonkenfunksje. Minsken ferjitte dat wolris yn te foljen. Dat besykje wy foar te kommen."

Dreech te kombinearjen

Ien fan de riedsleden dy't werom komt yn de ried is Petra Vlutters fan GrienLinks. Se hat wol njonkenfunksjes, mar net in 'gewoane baan'. "Ik snap ook niet hoe mensen dat wel combineren, dat lukte mij niet."
Vlutters waard keazen mei foarkarsstimmen. 527 ynwenners fan de gemeente Ljouwert stimden op har. "Dat vind ik heel bijzonder, ik had dat echt niet verwacht."

Twivels

Se twivele noch wol oft se opnij de ried yn woe. "Dat vond ik wel een moeilijke overweging, want het is niet alleen maar leuk. Het is druk en je hebt bovendien het gevoel dat je niet altijd genoeg bereikt in verhouding met het werk dat je erin stopt."
Met zoveel kiezers kan ik het niet maken om 'nee' te zeggen.
Petra Vlutters (GrienLinks Ljouwert)
Vlutters soe net it iennige riedslid wêze dat mei foarkarsstimmen keazen is, mar har sit net ynnimt. Mar dochs stiet se wer yn it stedhûs om har papieren yn te leverjen. "Met zoveel kiezers kan ik het niet maken om 'nee' te zeggen."

Sjen nei belangeferfrisseling

De betrouwensbrieven fan kommende riedsleden wurde beoardiele troch de ried dy't der no sit. "Guon funksjes binne net te ferienigjen mei it riedslidmaatskip", seit de griffier. "We sjogge bygelyks oft der gjin sprake is fan belangeferfrisseling."
Op woansdei 30 maart is de ynstallaasjeriedsgearkomste. Dan kinne de nije riedsleden de belofte of eed ôflizze dêr't se echt riedslid mei wurde.