Operaasje Fryske Flagge: Willem Runia wennet op in lyts eilân yn Noarwegen

Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Dizze wike is dat Willem Runia (53) dy't foar it wurk nei in lyts eilantsje yn Noarwegen ferhuze is.
Runia en syn famylje © Willem Runia
Kvamsøya moast it nije wenplak wurde, tolve jier lyn. It is in lyts eilantsje yn it westen fan Noarwegen, dêr'tst krekt in omreis fan tsien kilometer meitsje kinst. "It wie eins net hielendal de bedoeling om hjirhinne te reitsjen", seit Runia.
It begûn doe't in kammeraat mei wa't Runia yn Fryslân wurke, ferhuze nei it eilân. "Dêr ha we in kear op besite west en fan it ien kaam it oar." Runia rekke oan de praat mei ien fan de bazen fan it bedriuw fan syn kammeraat en dy sei: "do kinst ek wol oan it wurk hjirre."

De húshâlding oertsjûgje

Dat moast thús wol efkes oerlein wurde, se fûnen it earst neat. Mar doe kaam de oanbieding dat se der mei de hiele húshâlding hinne ferhúzje koene. Dêrop besleaten se der earst tsien dagen hinne te gean, om te sjen oft it befalle soe: "Myn frou wie nei trije dagen al om." Benammen it jongste bern, fan doe seis, moast even wenne oan it idee.
Runia hie tocht dat de âldste fan doe sechstjin it measte muoite hawwe soe mei de ferhuzing, mar dy wie samar te plak. "By de jongste tochten wy: dat giet samar, dy groeit der wol yn. Mar sy hie der efterôf it measte muoite mei, sy miste pake en beppe. Dêroer haw ik mysels wolris foar de kop slein." No nei tolve jier sitte se allegear goed; de âldste soan is it hûs út, de jongste studearret.

Gjin spyt

No wurket Runia as magazynsjef yn in bedriuw dat produkten fan polyester produsearret. De famylje besiket alle jierren ris in kear oan te stekken yn Fryslân om nei de heit en mem fan Runia te gean.
Dy fûnen it wol wat dreech, mar begrepen de beslissing wol. Syn heit sei: "Ast it net dochst, krijst der miskien spyt fan." Dat die bliken. Runia stelt dat as je sa'n ferhuzing goed tariede, de stap dan net sa grut mear is.
Alle lannen op ierde ha in emoji fan de eigen flagge, mar de Fryske flagge stiet der net by. Omrop Fryslân wol mei Operaasje Fryske Flagge berikke dat de Fryske flagge yn de list fan emoji's komt. Dat slagget ús net allinnich. Friezen om utens kinne harren Fryske flagge op ús online wrâldkaart pleatse.
Op it eilân wenje likernôch 200 minsken "Eltsenien ken elkoar." Ut it rút wei sjogge se út op de Atlantyske Oseaan. De húshâlding tinkt der dan ek net oer om no wer werom te gean: "Sa lang as ik myn wurk op it eilân hâlde kin, bliuw ik hjir wol."
Hielendal no't se in pleechbern fan 11 jier âld yn hûs hawwe, dy't it dêr tige nei it sin hat: "Dan wolle je hjir ek net weigean as dy it sa nei it sin hat. Mar ik sis noait noait."
Willem Runia oer syn ferhuzing nei Noarwegen