Oekraynske flechtling Issam oan it wurk yn Frjentsjer: "Ik fiel my wer normaal"

Oekraynske flechtlingen gean stadichoan oan it wurk yn Fryslân. Ien fan harren is Issam Khalladi, dy't opfongen wurdt yn Hitsum. Tiisdei wie syn earste wurkdei op it bedriuweterrein fan Frjentsjer.
Issam Khalladi is bliid dat er oan 'e slach kin:
"It is in goede ûnderfining. Ik ha der wille oan en ik fyn de minsken fan it bedriuw freonlik", seit Khalladi. Hy wurdt opfongen by Jitty van der Werf yn it doarp Hitsum. By it Frjentsjerter bedriuw Combistralen leart er ûnder oare it coaten en sânstrieljen. "Se helpe my om it ûnder de knibbel te krijen en ik kin jild fertsjinje. Dêrmei kin ik myn famylje yn Oekraïne stypje."
It wurk is foar him ek in manier om it libben wer wat op te pakken. "Ik fiel my wer normaal, mar ik tink wol hieltyd oan myn famylje dêr. Ik hifkje kontinu it nijs. Op it stuit binne se dêr feilich, se binne fier fan Kiev ôf. Je hoopje dat se ek feilich bliuwe."
Issam is hjir telâne kaam mei help fan it útstjoerburo Spikers yn Frjentsjer, dat faker mei bûtenlânske wurknimmers wurket. Tafallich kamen sy yn oanrekking mei flechtlingen út de buert. "Fia fia kaam út it doarp fan myn kollega nei foaren dat hjir ferlet fan wie", fertelt eigener Johan van der Meulen fan Spikers.
Issam Khalladi út Oekraïne © Omrop Fryslân
"Wy krigen de fraach oft wy hjir wat yn betsjutte koene", seit Van der Meulen. "Geandewei binne we mei de flechtlingen yn petear gien. We ha opdrachtjouwers belle en wat dêrút kaam wie gewoan hertferwaarmjend. De bedriuwen stelle harren der graach foar iepen en wolle graach helpe. No binne de earste minsken al oan it wurk. Ik gean derfan út dat dêr noch mear by komt."
Gert Rijpstra fan famyljebedriuw Combistralen fynt it wichtich dat Issam hjir wurkje kin. "Hartstikke mooi natuurlijk, dat we zo'n jongen kunnen helpen. Het is verschrikkelijk wat er allemaal gebeurt in Oekraïne. Zo'n jongen heeft wel toekomstplannen, die moet ook weer verder."

Goedkeape wurkkrêften

Guon minsken hawwe krityk op bedriuwen dy 't Oekraynske flechtlingen oannimme. It soene goedkeape wurkkrêften wêze. Dêr is in dizze situaasje neat fan wier, seit Rijpstra. "Alles gaat via de Nederlandse uitzendbureaus en die volgen de Nederlandse wet. Dat doen wij ook. Ze worden gewoon net als de rest uitbetaald."
It útstjoerburo soarget der ek foar dat dat mooglik is. "Kinst se gewoan ynskriuwe by de gemeente en dan kinne se op hiele koarte termyn foarsjoen wurde fan in BSN-nûmer", seit Van der Meulen. "Wy wurkje mei belangebehertigers foar bûtenlânske wurknimmers. De Europeeske wetjouwing dêrfoar is oant yn 'e puntsjes regele, dus it kin gewoan. It binne ommers net de iennige bûtenlanners dy't yn de provinsje wurkje."
Hij kon vandaag pas beginnen, omdat alles nog rondgemaakt moest worden, maar hij wou eigenlijk vorige week al beginnen.
Gert Rijpstra fan famyljebedriuw Combistralen Frjentsjer oer Issam Khalladi
Sterker noch, yn de sektor ha se ferlet fan minsken as Issam. "Als je nu bij ons in het bedrijf kijkt, zijn het bijna allemaal 55-plussers. Je ziet bijna geen jonge jongens meer. Het is dus hartstikke fijn dat zo'n jonge kerel bij ons aan het werk wil. Hij pakt alles op, hij heeft er zin in. Hij kon vandaag pas beginnen, omdat alles nog rondgemaakt moest worden, maar hij wou eigenlijk vorige week al beginnen. Dat is de goede mentaliteit, natuurlijk", seit Rijpstra.
Issam Khalladi hopet ea werom te gean nei Oekraïne. Hy hopet dat dat dan mei in soad nije wurkûnderfining is. "Miskien sil ik hjirnei wol boaten fervje yn Oekraïne."
Issam Khalladi oer syn earste wurkdei yn Frjentsjer en de oarloch yn Oekraïne