Waarmste 22 maart ea metten, rekôr út 2005 ferbrutsen

It is mei 19,0 graden op it KNMI-stasjon yn Ljouwert om 14:50 oere offisjeel de waarmste 22 maart ea metten. It âlde rekôr yn Ljouwert wie 16,7 graden yn 2005. Lanlik is der ek in temperatuerrekôr metten. Dat meldt Weeronline.
Waarmste 22 maart ea metten, rekôr út 2005 ferbrutsen
Om 13:20 oere wie it 19,4 graden yn De Bilt. It is it twadde waarmterekôr dit jier foar it plak dêrt KNMI ek fêstige is. It earste rekôr wie op Nijjiersdei.
Dizze iuw hie oant no ta njoggen kear safolle waarmterekôrs as kjeldrekôrs. Ek op Flylân wie it nea earder sa waarm op 22 maart. Dêr stie om 15:00 oere 15,6 graden op de termometer. Op Skylge waard ek in waarmterekôr brutsen, 15,2 graden wie it dêr.
Alde temperatuerrekôrs 22 maart (maksimumtemperatuer)
Ljouwert: 16,7 (2005)
Starum : 16,4 (2012)
Flylân: 14,0 (2012)
Skylge: 14,3 (2005)
Sinneskynwaar yn it sintrum fan Ljouwert © Omrop Fryslân, Timo Jepkema