Provinsje lûkt seis ton út om ûngelokken mei bisten foar te kommen

De provinsje nimt de kommende jierren ekstra maatregels om oanridings mei oerstekkend wyld sa folle as mooglik foar te kommen. It giet om in ynvestearring fan hast 600.000 euro foar de kommende tsien jier.
In auto nei in oanriding mei in ree © ANP
Ferspraat oer Fryslân komme yn it jier goed 700 reeën en deimen yn botsing mei in auto. Om dat oantal nei ûnderen te bringen, sil de provinsje no ferskate maatregels nimme, lykas it pleatsen fan warskôgingsbuorden en wyldstekken of it ferleegjen fan de faasje. De provinsje hat hjir 250.000 foar oer.

Grut part otterpopulaasje sneuvelet

Fierder nimt it tal ûngelokken mei otters ta. Yn 2020 en 2021 wienen it der jierliks mear as sechstich. Neffens de provinsje sneuvelet nei skatting in tredde part fan de Fryske otterpopulaasje yn it ferkear.
Om dy trend te kearen sil de provinsje de kommende tsien jier jierliks 34.000 euro ynvestearje yn it oanpakken fan de knyppunten fan de otter.