Technysk manager sc Hearrenfean: "Van Wonderen was onze eerste keus"

Kees van Wonderen stie boppe-oan it listje fan technysk manager Ferry de Haan om de nije trainer fan sc Hearrenfean te wurden. Dat fertelt De Haan yn de SportCast fan Omrop Fryslân.
Moandeitemiddei makke sc Hearrenfean bekend dat Kees van Wonderen de kommende twa jier haadtrainer wêze sil yn it Abe Lenstra Stadion. "Ja, Kees was onze eerste keus", seit Ferry de Haan. "We hadden een kandidatenlijstje, waarvan hij de eerste was met wie we gesproken hebben."
Op 24 jannewaris sette de klup Johnny Jansen oan 'e kant as haadtrainer. In dei dêrnei hat De Haan kontakt socht mei Van Wonderen. "En 7 februari hebben we voor het eerst tegenover elkaar gezeten", lit De Haan witte.

Striid as basis

Dat Van Wonderen it stimpel fan definsive trainer hat, is neffens De Haan net terjochte. "Ik denk dat de mensen in de Adelaarshorst daar anders over denken. Ik denk dat Go Ahead Eagles negentig minuten lang strijd laat zien. Ik denk dat dat de basis is."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
By de oare Fryske betelle fuotbalklup is noch gjin dúdlikheid oer de trainersposysje. SC Cambuur is op syk nei in ekstra trainer, no't dúdlik is dat Henk de Jong fanwege sûnensklachten net mear op de bank sitte sil dit seizoen.

Pear eagen derby

De technyske stêf fan no hat by technysk manager Foeke Booy oanjûn dat se der wol in ekstra pear eagen en hannen by hawwe wolle. No't der kommend wykein gjin earedivyzjefuotbal is, hat Booy tiid om op syk te gean nei in geskikte kandidaat.
Dy soe mooglik tsjin NEC, oer twa wiken, al op de bank sitte kinne. "Dat streven hebben wij wel", sa seit Booy.
Der binne neffens de technysk manager lykwols net in soad kandidaten. "Je moet oppassen dat je iemand haalt die zijn stempel wil drukken en dingen gaat veranderen. Dat moet je niet willen, maar de spoeling is dun."
Op nammen wol Booy net yngean. Dus ek net op de namme fan Dwight Lodeweges. Booy: "Tuurlijk hebben we een lijstje. Alleen noem ik de namen niet."