Part finzenis Ljouwert tydlik ûntromme nei keukenbrân

Yn de PI Ljouwert hat moandeitemiddei in brân west. It gong om in brân yn ien fan de keukens dêr't de detinearden har iten klearmeitsje.
De brânwacht by de finzenis yn Ljouwert © Kappers Media
Ien fan de pannen op it fjoer fleach yn 'e brân. Omdat it personiel de brân net maklik út krije koe, is de keuken en de rest fan de ôfdieling ûntromme. De detinearden binne tydlik op in oar plak ûnderbrocht.
Trije brânwachtauto's kamen te plak by de Ljouwerter finzenis. Dy koenen de brân rap út krije, al rûn de keuken wol skea op.
De detinearden koenen nei it útmeitsjen fan de brân werom nei de eigen ôfdieling. Guon personielsleden binne foar de wissichheid noch medysk kontrolearre, fanwegen de reekûntwikkeling.