Paulusma 'net te ferfangen' foar Alvestêdetocht en skûtsjesilen

Piet Paulusma is net te ferfangen. Dat seit foarsitter René Nagelhout fan it SKS Skûtsjesilen.
Piet Palusma by it skûtsjesilen yn 2004 © Martin de Jong
Piet Paulusma wie as waarman jierrenlang ferbûn oan de organisaasje fan grutte Fryske eveneminten, lykas it skûtsjesilen en de Alvestêdetocht. Hy is op 65-jierrige leeftiid ferstoarn.

Famylje

"Hy wie der altyd en we koene him altyd belje", seit foarsitter René Nagelhout fan de SKS. "Hy hearde by ús famylje. Ik kin my hast net foarstelle dat hy der net mear is."
René Nagelhout © Omrop Fryslân
Paulusma hat mear as 20 jier advys jûn oan de organisaasje fan it skûtsjesilen, seit Nagelhout. "Hy hat ûnder in wedstriid wolris belle dat it feroare. 'Tink derom', sei er dan, 'der komt ûnwaar oan út it suden wei.' Dêr hiene we dan echt wol help oan. Jo witte hoe belangryk oft it waar is foar it silen."

'Do moatst komme!'

Foar de organisaasje fan de Alvestêdetocht is it waar like belangryk. Yn febrewaris fan 2012 soe der hast in tocht komme. Foarsitter Wieling fan de organisaasje hie yn dy tiid alle dagen kontakt mei Paulusma.
2012: Piet Paulusma yn petear mei it bestjoer fan de Alvestêdetocht © ANP
"In oere foardat we it beslút namen dat it net koe, kaam Piet noch del. Hy sei: it wurdt teiwaar. En it kloppe presys." Mar it begûn by him al folle earder, seit Wieling. "Yn novimber belle er al, en dan seit er: 'Do moatst komme. Do moatst komme! Ik fertel it net, mar we moatte der even oer prate."
Op Weromrop is in kompilaasje fan bylden fan Piet Paulusma gearstald. Fan syn earste waarberjocht oant in dokumintêre. De bylden binne hjir te finen.
"Dus ik yn de auto nei Harns, en dan lei er it út. Hoe't er it seach. Hoe't er syn berekkeningen makke hie. Der binne minsken dy't sizze: de Alvestêdetocht komt noait wer. Mar Piet siet oan de oare kant."

Midden yn de nacht

"Paulusma hie it net altyd by it rjochte ein, en hy koe der hiel min oer as er it in kear mis hie", seit SKS-foarsitter Nagelhout, "mar it algemiene byld kloppe altyd. En it wie hiel moai dat je ien neist je hiene, wannear't je it mar woene. Dat joech er ek oan: 'ast ergens mei sitst, al is it midden yn de nacht, dan kinst my belje'."
Hy is, mei de passy fan syn fak, mei it útdragen fan it Fryske, mei wat er neilit oan de SKS en oan Fryslân as gehiel, ûnferfangber. Je moatte him net ferfange. Dat kin ek net".

In prachtich minske

"It waar wie syn libben", seit Wieling. "En hy wie it waar." Mar hy wie mear as dat. "Sjoch, wy ha mekoar hiel faak troffen. En dat wie altyd gewoan. Noflik. Alles kaam op tafel. Alles wie besprekber. We ha it no oer it waar, mar ik sil in prachtich minske misse. In freon."
In reaksje of oantinken efterlitte kin hjir.