Switsers moatte helpe de kontenerfeart op see feiliger te meitsjen

Switserlân kin Nederlân en Dútslân helpe de ynternasjonale kontenerfeart in stik feiliger te meitsjen, sa sizze twa saakkundigen yn it Alpenlân. Switserlân stiet ferrassend genôch yn de top tsien fan grutste skipfeartlannen fan de wrâld as je sjogge nei it tal rederijen dat dêr fêstige is.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
Dat docht bliken út in nij boek dêr't de MSC Zoe ek in wichtige rol yn spilet. It boek Seefahrtsnation Schweiz - Vom Flaggenzwerg zum Reedereiriesen is skreaun troch ien fan de grutste, ynternasjonale korrupsjebestriders professor Mark Pieth, mei kollega Kathrin Betz.
Foar it boek hawwe sy koart nei de kontenerramp yn 2019 ek op Skiermûntseach en yn Rotterdam west en hawwe dêr praat mei Natuurmonumenten en boargemaster Ineke van Gent. It boek makket dúdlik dat jild fertsjinjen no boppe bygelyks miljeubelangen stiet. Switserlân docht dêr no neat mei, mar dat kin en moat feroarje, fine de beide auteurs en ûndersikers.

"Frjemde saken"

"Switserlân is de gasthear fan allerhanne frjemde saken", seit Pieth. "Wy binne ien fan de grutste finansjele sintra en binne ien fan de grutste bulkguod-hannel-'hubs'. Dat makket it lân oantreklik foar de reders om harren te fêstigjen, wêrûnder ek dy fan de MSC Zoe."
De ramp mei it skip is neffens de beide auteurs in goed foarbyld fan wat der mis is mei it hjoeddeistige seeferfier, wêrby't foar in hiel lyts bytsje ferfierskosten hiele ingewikkelde produksjeprosessen opset binne wêrby't guodstreamen út allerhanne lannen by inoar komme.
It boek © Elster & Salis AG
Mark Pieth: "It wie gjin grutte katastrofe, want der binne folle slimmere rampen wêrby't ek minsken harren libben ferlern ha. It seit wol wat oer de risiko's dy't wy nimme wêrby't wy neat jouwe om it miljeu. Jild fertsjinje stiet foarop. En dan ha ik it net allinnich oer de Switsers. Mar út Switsersk perspektyf wei is it gewoan sa dat it ús neat skele kin dat wy fier fuort seekusten fersmoargje."
Yn de Switserske polityk wurdt ynkoarten praat oer it maritime belied, sa meldt Kathrin Betz. "Litte sy it dan ek mar yngreven oanpakke", advisearret Pieth dy't ek foar justysje wurke hat yn Switserlân.

Funksjonearret net goed

As je de seeskipfeart yn it algemien en de kontenerfeart yn it bysûnder feiliger meitsje wolle, moatte dêroer ynternasjonaal ôfspraken makke wurde troch middel fan de saneamde International Marine Organisation (IMO), dy't by de Ferienigde Naasjes heart. Mar dy funksjonearret net goed omdat de bedriuwstûke dêr eins tefolle ynfloed op hat en eltsenien yts mei in feto tsjinhâlde kin.
Switsers moatte helpe de kontenerfear op see feiliger te meitsjen
"De Switserske fertsjintwurdigers moatte as earste de problemen erkenne. En dan oplûke mei lannen lykas Dútslân en Nederlân yn it IMO, omdat de skipfeart no it miljeu belêst by de skipfeartrûtes, mar ek om de effekten op it feroarjende klimaat", seit Pieth dy't oppasse wol foar tefolle negativiteit.
"Net allinnich miljeu-organisaasjes mar ek ynvestearders freegje no om feroarings. It grutte oaljefûns fan Noarwegen is dêr in foarbyld fan", sa seit hy. De Noaren hawwe al it jild fan harren oaljewinning net útjûn, mar ha der in fûns fan makke dat it lân langjierrich fan ynkomsten foarsjen kin.