Oprjochter SBS6: Piet Paulusma wie goud wurdich foar ús

Piet Paulusma wie goud wurdich foar SBS. Dat seit Fons van Westerloo, dy't Paulusma yn 1996 nei de kommersjele stjoerder helle. Van Westerloo priizget de minsklikheid fan de Harnzer.
Fons van Westerloo, fan 1995 oant en mei 2003 de baas by SBS © ANP
Paulusma stoar snein yn de âldens fan 65 jier. Hy wie 36 jier lang waarman foar Omrop Fryslân en wurke hast in kwart iuw foar SBS.
"Piet was een fantastische, bijzondere man en ongelooflijk geliefd bij de mensen", seit Van Westerloo.
Op Weromrop is in kompilaasje fan bylden fan Piet Paulusma gearstald. Fan syn earste waarberjocht oant in dokumintêre. De bylden binne hjir te finen.
Van Westerloo stie yn 1995 oan de basis fan SBS6 en kaam yn de syktocht nei in waarman- of frou út by Paulusma. "Er kwamen allemaal filmpjes binnen van kandidaten, maar de een was nog gelikter dan de ander. En daar stond Piet Paulusma. Ik riep meteen: 'die moeten we hebben!' We wilden iets anders dan anders, en dat was Piet natuurlijk."
Piet Paulusma yn ien fan syn hûnderten waarberjochten op lokaasje, hjir by in swimbad yn Musselkanaal © ANP
Paulusma die syn waarberjocht foar SBS faak op lokaasje, troch hiel Nederlân. Miljoenen Nederlanners ha Paulusma sadwaande wolris sjoen.
Hij was altijd bereid om met mensen te praten, altijd bereid om handtekeningen te zetten, altijd bereid om aardig te zijn.
Fons van Westerloo oer Piet Paulusma
As Paulusma wer ris op in doarpsplein, by in sportklup of in oar evenemint stie, wie Van Westerloo der geregeld by. Hy seach dat de waarman syn tiid naam foar it publyk. "Hij was altijd bereid om met mensen te praten, altijd bereid om handtekeningen te zetten, altijd bereid om aardig te zijn. Ik kan alleen maar zeggen: hij was een goed mens."
Van Westerloo helle syn oantinkens oan Paulusma op yn in ekstra radioútstjoering fan Omrop Fryslân oer it ferstjerren fan de ferneamde Fries. Dêryn kamen ek Arno Brok (kommissaris fan de Kening), Ina Sjerps (boargemaster fan Harns), René Nagelhout (SKS-foarsitter), Wiebe Wieling (foarsitter Alvestêdetocht), saakwaarnimmer Erik de Zwart en kollega-waarman Jan Jonkman oan it wurd.
Beharkje hjir de folsleine útstjoering mei de reaksjes en oantinkens oan Piet Paulusma
Yn 2019, doe't Van Westerloo al fuort wie by SBS, woe it bedriuw net fierder mei Paulusma. "Het stomste wat ze ooit konden doen", seit Van Westerloo oer it beslút fan syn opfolgers.

"Ontzettend wreed"

"Hij heeft er 24 jaar gewerkt, met groot succes en hoge kijkdichtheden. Hij bouwde een heel eigen publiek op. Het was ontzettend wreed dat hij van Talpa en John de Mol de 25 jaar niet vol mocht maken."
Van Westerloo hie sels nea sa'n beslút naam, seit er. "Die man was zó populair en zó geliefd bij de kijker. Het heeft hem ook echt aangegrepen. Gelukkig heeft Jan Slagter van MAX hem toen liefderijk opgenomen, zodat hij tot het einde der dagen verder kon gaan met z'n werk. Hij is in het harnas gestorven."
In reaksje of oantinken efterlitte kin hjir.