Twillingbroer Piet Paulusma: "Hy is fierstente jong opholden"

Piet Paulusma wie al langer siik, mar hy woe net dat dat bekend wurde soe. Dat seit syn twillingbroer, Lume Paulusma.
Piet en Lume Paulusma © Omrop Fryslân
Piet Paulusma is op 65-jierrige leeftiid ferstoarn. "We wisten allegearre wol dat der wat oan de hân wie, mar dat it sa gau gean soe, dêr steane we fersteld fan", seit Lume.
"Tongersdei hat er noch opnames makke, mar dat koe al hast net mear. Dêr ha ik in protte bewûndering foar."

Altyd trochgean

Piet hie in passy foar it waar, seit Lume Paulusma. "Dat moast altyd trochgean. Wat der ek gebeurde, hy soe it waar dwaan. En dat is moai, mar hy is der fierstente jong mei opholden."
"Hy wie like âld as ik. We kenne mekoar al 65 jier. De lêste tiid hiene we wat mear kontakt. Geregeld mei mekoar prate, even nei de kroech. En no is hy der net mear."
Harkje hjir nei it ferhaal fan Lume Paulusma, de twillingbroer fan Piet
"We soene noch in hiele protte dwaan", seit Lume Paulusma, "mar dat kin no net mear. Ik fyn it ferskriklik."
"Ik fûn Piet wolris te goed. It wie in hiele leave man. Hy stie foar elkenien klear."
"Ik wie in kear mei him nei it fuotbaljen, doe hiene we kaartsjes. Ik siet al in healoere op de tribune, en doe kaam Piet noch in kear oanrinnen. Hy wie ûnderweis allegearre minsken tsjinkaam dy't mei him prate woene. Hy stie elkenien te wurd. Sa wie Piet."

MAX hâldt op mei waarberjocht

Der komt gjin Piets Weerbericht mear op de telefyzje. Dat sei direkteur Jan Slagter fan Omroep MAX yn in reaksje op de dea fan Piet Paulusma.
Nei jierren it waarberocht op SBS brocht te hawwen, die Piet Paulusma it waar sûnt 2020 op radio en telefyzje op Omroep Max.
Jan Slagter oer Piet Paulusma: "Hij is in het harnas gestorven"
"Piets weerbericht was Piet Paulusma. Er was maar één die dat doen kan, en dat was Piet Paulusma." Slagter neamde de dea fan Piet Paulusma hiel fertrietlik nijs.
"Hij is in het harnas gestorven", seit Slagter. "Nu Piet er niet meer is, is er een tijdperk afgesloten."
In reaksje of oantinken efterlitte kin hjir.