Waarman Piet Paulusma op 65-jierrige leeftiid ferstoarn

Waarman Piet Paulusma is op 65-jierrige leeftiid ferstoarn. Dat meldt syn famylje. Hy wie mear as 36 jier de fêste waarman fan Omrop Fryslân.
© Omrop Fryslân
Mei it ferstjerren fan de waarman ferliest Fryslân in ikoan. It fertroude 'Wy moatte moarn mar wer even yn it waar sjen' sil nea wer klinke.
Paulusma wie mear as allinne waarman. Hy sette him ek jierrenlang yn foar allerhanne organisaasjes en wurke faak belangeleas mei oan maatskiplike doelen.
Koartlyn krige hy noch in keninklike ûnderskieding. Hy waard ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. It die in soad mei him, sei er, al wie syn wurk foar him 'hiel gewoan'.

Gjin ferfanger

Sûnt 1985 fersoarge Piet Paulusma de waarberjochten foar Omrop Fryslân. Der hearsket grutte fersleinens yn it bedriuw, seit einredakteur Sybren Terpstra. Hy koe Piet mear as 40 jier.
"Yn de 36 jier dat er waarman wie by Omrop Fryslân hat er nea fersake", seit Terpstra. "Yn de earste jierren wie der gjin ferfanger, en presintearre hy it waar sels op syn fakânsje, fan de camping ôf. Letter krige hy in fêste ferfanger op de radio en sûnt in pear jier naam syn dochter Martsje it waarberjocht op telefyzje geregeld oer."
Einredakteur Sybren Terpstra oer Piet Paulusma: "Hy wie fan ûnskatbere wearde"
Mei de Alvestêdetocht fan 1997 waard Paulusma lanlik bekend. Hy krige in fêst plak op SBS6, earst yn Hart van Nederland, en letter yn in eigen programma.
"Sa waard er in promotor fan Fryslân en fan de Fryske taal", seit Terpstra. "Syn deistige 'oant moarn' waard in begryp yn hiel Nederlân."

Fan ûnskatbere wearde

Paulusma wie 'fan ûnskatbere wearde' foar Omrop Fryslân, seit Terpstra. "Hy stie altyd foar ús klear. Boppe-al wie er in bysûnder noflike man om mei gear te wurkjen."
"Koartlyn noch, mei de stoarm Eunice, prate Piet ús harkers en sjoggers alle oeren by. Tekenjend foar Piet", seit Terpstra. "As er bysûnder waar oankommen seach, hong er fuortendaliks by ús oan de telefoan. It is hast net te befetsjen dat dêr no in ein oan kommen is."
In reaksje of oantinken efterlitte kin hjir.