Brân yn appartemint op It Hearrenfean: brânwacht koe fluch yngripe

De brânwacht op It Hearrenfean waard yn de nacht fan sneon op snein oproppen foar in brân yn in appartemint oan it Burgemeester Kuperusplein, boppe in Sineesk restaurant. Troch rap yngripen koe slimmer foarkaam wurde.
De brânwacht waard om 01.15 oere hinne oproppen © Noordernieuws
Foar safier bekend rekke der net ien ferwûne by de brân. Nei alle gedachten is de brân ûntstien yn in sauna yn it appartemint. Njonken de brânwacht binne ek út foarsoarch de plysje en in ambulânse op it plak kaam.