Oare foarkarssitten troch stimteldebakel Smellingerlân

It die freed bliken dat de ferkiezingsútslach yn Smellingerlân troch in tikflater oanpast wurde moat. De boargemaster besleat ta in wertelling. Opmerklik is ek dat in pear foarkarssitten oars takend wurde, sa't it no liket.
Stimtellers oan it wurk yn Smellingerlân © Omrop Fryslân, Onno Falkena
It smiet argewaasje by it CDA op, de winner fan de ferkiezingen yn Smellingerlân. It hat te krijen mei dat takennen fan de foarkarsstimmen.
De gemeente ferklearre earst dat twa riedsleden fan ChristenUnie en D66 mei foarkarstimmen yn de ried kamen. Letter die lykwols bliken dat ek twa oare kandidaten mear stimmen hiene as de foarkarsdrompel.

Knoffelich proses

Lislûker Tjebbe van der Meer fan it CDA yn Smellingerlân: "It proses is knoffelich. Dat is spitich, dat heart net sa. Ik wit net wat der krekt misgien is, moandei is der in gearkomste mei de gemeente. Ik haw betrouwen yn it amtlik apparaat, dêr sitte kundige en belutsen minsken. Tagelyk, it tellen bliuwt minskewurk. En minsken meitsje flaters."
Dat betsjut yn it gefal fan it CDA dat de nûmer twa op de list, Sjouke Rypma fan Drachten, bûten de boat falt. Syn plak wurdt ynnommen troch Eeuwe van der Velde fan Nyegea, want dy hie folle mear foarkarstimmen.
By it CDA hawwe se alle betrouwen yn Van der Velde, mar it is pynlik foar de nûmer twa: earst krije je te hearren dat je riedslid binne en in pear oeren letter docht bliken dat je net keazen binne.
Oare foarkarssitten troch stimteldebakel Smellingerlân
Listlûker Tjebbe van der Meer fan CDA Smellingerlân
It is in ûngelokkige gong fan saken en in minne start, neffens Van der Meer. "Foar de minsken dy't der út falle is it hiel ferfelend. It proses hie soarchfâldiger moatten. Eeuwe van der Velde is wolkom yn de fraksje, beide binne it goede riedsleden. Mar it proses der nei ta fertsjinnet net in skjintmepriis. It is in striemin begjin."
Van der Meer tinkt dat de druk yn de ferkiezingsjûn om de útslaggen gau foarinoar te krijen ek net helpt. "Ik tink dat soks flaters wol yn 'e hân wurket. Minsken binne net geduldich en wolle foarút, mar somtiden is it wichtich om efkes te wachtsjen."
Foar Van der Meer is it reden om foar it weromkommen fan in stimkompjûter te pleitsjen.
Listlûker Ronald van der Molen fan SP Smellingerlân
By de SP wie der ek sprake fan in feroaring. Dêr hat Judith Ruchti, de heechste frou de op de list, in soad foarkarstimmen krigen. Har namme stie net op de earste list fan de gemeente fan keazen riedsleden, mar in pear oeren letter wol op de oanpaste twadde list.
Yn it gefal fan de SP soe it betsjutte dat dat ien fan de manlju boppe Ruchti net yn de ried komt. Neffens fraksjefoarsitter Ronald van der Molen is it by de SP in minder grut probleem as by it CDA. "By de SP dogge wy der sawiesa net oan, je stimme op de partij en net op de persoan. Sy hat har sit trochjûn, dus it feroaret fierder net."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Mar Van der Molen neamt it 'wol bysûnder dat soks hjir no wer yn Smellingerlân barre moat.' Je kinne der fierder net in soad mei, seit hy. "Wy fine it goed dat de boargemaster seit fierder gjin diskusje te wollen en foar in wertelling kiest. Wy sjogge wol wat der bart mei de útslach."

Betrouwen

It betrouwen is ien fan de grutste problemen yn de gemeente Smellingerlân, konkludearret de foarsitter. "Dat der partijen sa wantrouwich binne tsjin alles, dat sels de stimming noch yn twivel lutsen wurdt. Wylst it nei alle gedachten om in tikflater op it gemeentehûs giet. Dêr gean ik fanút, want ik leau der neat fan dat der op de stimburo's omgriemd wurdt. Mar klear, ik fyn it in goed beslút."