FryslânDOK: Formula de Vries

De Fryske koereur Nyck de Vries libbet foar de autosport. Hy is wrâldkampioen yn de Formule 2 en Formule E. Allinnich de Formule 1 ûntbrekt noch. Wat hat er der foar oer om syn doel te berikken? Sjoch nei de FryslânDOK Formula de Vries op 19 maart by NPO2 en op 20 maart by Omrop Fryslân.
Lykas faker yn de autosport, begjint de dream fan in autokoereur by syn heit. Hendrik Jan de Vries joech syn soan Nyck (Snits, 1995) as beuker in kart kado. Nyck ried hurd, hiel hurd, en woe mar ien ding: winne.
De famylje ferhuze nei Italië, sadat Nyck oan ynternasjonale wedstriden meidwaan koe. Nyck waard de earste wrâldkampioen karte, mei op syn holle in racehelm bestickere mei Fryske pompeblêden.

Formule E

Dêrnei folge it gruttere wurk. Yn de raceweinen fan de Formule 2 waard Nyck yn 2019 de bêste fan de wrâld.
Ek yn de elektryske league fan de autosport, de Formule E, behelle er yn 2021 yn Berlyn it wrâldkampioenskip. Noch hieltyd mei de opfallende pompeblêdehelm op.
Nyck de Vries, Berlyn © Mercedes EQ-Team
Yn de FryslânDOK Formula de Vries folgje makkers Wilfried Bijma en Arjen de Boer de jongesdream fan Nyck de Vries. Yntusken wennet Nyck yn Monaco en fljocht er sa'n 130 kear yn it jier de wrâld oer om wedstriden te racen foar ferskate raceteams.

Toto Wolff en Lewis Hamilton

By alle suksessen hat er noch ien grutte winsk: in stuoltsje yn de Formule 1, krekt as Max Verstappen. Nyck is op dit stuit reserverider foar Mercedes, mei as baas Toto Wolff en it team fan de wrâldferneamde koereur Lewis Hamilton.
Nyck de Vries met Toto Wolff © Omrop Fryslân
Oft en wannear't Nyck race mei, is noch ûnwis. De Formule 1 is ek de wrâld fan it grutte jild, dêr't in soad bepaald wurdt troch 'paydrivers' en machtige sponsors. Mar Nyck soarget dat er der hoe dan ek klear foar is.
Wilfried Bijma over de FryslânDOK
FryslânDOK Formula de Vries
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.