It frije fjild yn Fryslân is ticht: ek it lêste aai is fûn yn Harns

It siet der oan te kommen: ek yn de lêste gemeente is it earste ljipaai fûn. De 55-jierrige Frans Bauke de Vries fan Harns hat it earste ljipaai yn de gemeente Harns fûn.
Frans Bauke de Vries © BFVW
Der waard omraak socht yn de omkriten fan Harns, want allinne yn dizze gemeente wie it frije fjild noch iepen.
De Vries hold it gebiet eastlik fan de stêd, boppe it kanaal, al in tal wiken yn de gaten. Der wiene ljippen oanwêzich, mar it waard hieltyd stiller. De Vries seach dat der ek twa hoanskrobbers yn it gebiet wiene, dat ferklearre in soad.

Neisoarger yn opleiding

Sneontemoarn hie De Vries dochs sukses: hy ûntduts it earste aai. Hy is der grutsk op, om't er noch mar in neisoarger yn oplieding is, sa't er sels seit.
It Bûn fan Fryske Fûgelwachten kundiget no de perioade fan neisoarch oan, dêr't greidefûgelbeskermers tafersjoch hâlde en beskerme.