Frysk stel op firusskip

23 nov 2011 - 15:03

It Ljouwerter echtpear Kees en Anke van der Zee sitte op it cruiseskip Veendam fan de Holland-Amerikalijn. Se makken in cruise om Súd-Amearika hinne doe't in firus 79 passazjiers en bemanningsleden siik makke. Ien ferstoar, mar it is noch net dúdlik wat de oarsaak is. Se binne sels net siik wurden.

De 1300 passagiers waarden net op de hichte brocht fan de ellinde oan board, mar wisten wol dat der wat oan de hân wie fanwege de ynfiering fan spesjale maatregels. De saak waard stil holden om panyk foar te kommen. Se beseften it pas oan de ein fan de fakânsje doe't se yn Rio de Janeiro fan board stapten en troch Braziliaanske sjoernalisten opwachte waarden. Kees en Anke fleane moarn wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Veendam cruiseskip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)