UNIS Flyers pakt winst yn earste heale finaleduel tsjin HIJS Hokij

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha freedtejûn de útwedstriid tsjin HIJS Hokij yn Den Haag mei 3-2 wûn. It wie de earste wedstriid fan de heale finale tusken beide klups yn de BeNe League.
Roope Nikkilä fan de UNIS Flyers © Orange Pictures
De ploech fan coach Mike Nason begûn goed oan it duel. De earste perioade waard ôfsletten mei 2-1 yn it foardiel fan de Flyers. Logozzo skoarde de iepeningstreffer foar Den Haag en de twa punten foar de Feanster klup kamen op namme fan Roope Nikkilä.
Yn de twadde perioade wist Lars den Edel 5 sekonden foar de ein de stân op 3-1 te setten. De Flyers joegen de foarsprong net mear út hannen, al kaam HIJS Hokij noch wol wer even werom yn de wedstriid mei in goal.
De stân yn de heale finale is no 1-0 foar UNIS Flyers. Sneontejûn is yn Thialf op It Hearrenfean it twadde duel tsjin Den Haag.