Boargemaster Rijpstra fan Smellingerlân easket wertelling stimmen nei flaters

Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân easket in folsleine wertelling fan de stimmen dy't yn syn gemeente útbrocht binne. Hy is bot skrokken fan flaters by de útslaggen fan de gemeenteriedsferkiezingen.
Boargemaster Jan Rijpstra fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
Tongersdei die bliken dat troch in tikflater op de útslaggejûn fan de ferkiezingen de ELP (Eerste Lokale Partij) 900 stimmen krige, wylst dat der 90 wêze moasten. "Ik ben zeer geschrokken omtrent de gang van zaken rondom het proces van deze week", seit boargemaster Rijpstra. "Ik zal daarom maandagochtend bij de vaststelling van de verkiezingsuitslag, het voorstel doen tot een volledige hertelling van de verkiezingsuitslag."

Wiziging

Yntusken hat ek bliken dien dat der in wiziging trochfierd wurde moast by it tal telde stimmen op kandidaatsnivo. Der blike ek fjouwer foarkarsitten tawiisd te wêzen yn stee fan de earder publisearre twa.
Meiwurkers fan it stimburo oan it stimmetellen yn de trouseal fan Smellingerlân © Omrop Fryslân
Polityk ferslachjouwer Onno Falkena oer de flaters mei de ferkiezingsútslach
Rijpstra wol gjin inkeld misferstân bestean litte oer de útslach fan de gemeenteriedsferkiezingen. Hy is dêrom fan plan om moandei de ferkiezingsútslach net te ûndertekenjen.

Telteams

In folsleine wertelling sil mei twatal telteams en in tredde kontrôleteam útfierd wurde, seit boargemaster Rijpstra. De gemeente wol der moandei mei begjinne en der binnen twa dagen klear mei wêze.