Fiif Friezen opnommen yn shorttrackseleksje foar WK yn Kanada

Bûnscoach Jeroen Otter hat de seleksje foar it wrâldkampioenskip shorttrack yn Montreal bekend makke. Yn de seleksje binne fiif Friezen opnommen.
Suzanne Schulting © ANP
Wat de Friezen oanbelanget, giet it om deselde shorttrackers as by de Olympyske Spelen. Suzanne Schulting sil har wrâldtitel ferdigenje. Ek Rianne de Vries giet mei nei Kanada. De Vries mei lykwols net oan it yndividuele toernoai meidwaan. Dy plakken binne foar Schulting, Selma Poutsma en Xandra Velzeboer. De Vries kin wol yn de relay meidwaan.

Manlju

Sjinkie Knegt en Itzhak de Laat dogge ek mei oan it WK. Datselde jildt foar Sven Roes, dy't allinnich oan de relay meidwaan mei. By de manlju binne net trije mar twa startplakken op it WK.
De twa oare manlju binne Bram Steenaart en Friso Emons. Steenaart nimt it plak oer fan Dylan Hoogerwerf. Jens van 't Wout hat gjin tastimming krigen fan syn skoalle, wêrtroch't ek Friso Emons nei it WK giet.
Daan Breeuwsma is opnij net opnaam yn de seleksje. Krekt foar de Spelen makke hy bekend dat hy nei dit seizoen ophâldt.

Ferskood

It WK soe heal maart al plakfine, mar is ferskood nei it wykein fan 8 oant en mei 10 april. De ynternasjonale reedryduny ISU hie it toernoai útsteld fanwege de oarloch yn Oekraïne en corona. De shorttrackers reizgje op 27 maart nei Kanada. Se sille earst traine yn Calgary en op 3 april reizget de ploech troch nei Montreal.