Twilling fan Aldehaske krijt foar de twadde kear it Sulveren Polske

De 11-jierrige twilling Niko en Menno Boersma út Aldehaske hat foar it twadde jier op rige it earste ljipaai by de jeugd fûn. De jonges krigen freedtemoarn yn it Provinsjehûs 'it Sulveren Polske' fan deputearre Douwe Hoogland.
Twilling fan Aldehaske krijt foar de twadde kear it Sulveren Polske:
De broerkes blike beide talintearre sikers te wêzen. Neidat Menno foarich jier as earste it aai fûn, wie it no Niko dy't as earste mei it aai oankaam. "We rûnen gewoan troch it lân en hienen dat nestje earder fûn. Doe lei der gjin aai. Doe hawwe wy der in stokje by set. De dei dernei lei der in aai", seit Niko.
Wêr't it Polske earst ferdield wurde moast op de sliepkeamers fan Niko en Menno hawwe se no beide in eigen. De deputearre hie dêrneist it finerslean ferdûbele fan fyftjin nei tritich euro. "Om't it sa bysûnder is dat se it foar de twadde kear as earste fine", seit Hoogland.
Niko en Menno Boersma mei de oarkonde en it Sulveren Polske © Omrop Fryslân, Sander van den Bogert
Dit jier wurde de jonges 12 jier. Dit betsjut dat se foar de lêste kear by de jeugd dielnime koenen. Dochs wolle de jonges wol trochgean mei it sykjen. Harren taktyk sille se der by de 'grutte minsken' net op oanpasse. "Gewoan trochsykje", laket Niko.

Fynst op eigen lân

De sikers fûnen it aai yn it gersperseel fan har famylje. Op de fraach hoe't de bern sa goed binne wolle se gjin útslutsel jaan: "Tafal, wierskynlik."
Ferslachjouwer Lars de Leeuw prate mei Niko & Menno Boersma