HEA! Brommers kieke mei Feike, Romke en Henk Jan
Se keapje gauris brommers, knappe se op en ferkeapje se ek wol wer troch, mar it leafst ride Feike, Romke en Henk Jan op harren brommers troch de buorren fan Wommels.
De jonges meie offisjeel noch net op brommers skeure, mar dat is wol wat se it leafst dogge. En hoe sit it mei de famkes? Dêr sjogge se wolris nei, mar de brommers krije dochs de measte oandacht.