Breij yn de spits by Cambuur, dat nei Uldrikis ek Boere lang kwyt is

Michael Breij stiet sneon tsjin Go Ahead Eagles yn de spits by SC Cambuur. Gewoanwei is hy de oanfallende middenfjilder, mar de beide spitsen fan de Ljouwerters binne blessearre.
Trainer Pascal Bosschaart oer de problemen yn de oanfal:
Tom Boere wie de lêste wiken de fêste spits fan Cambuur by ôfwêzichheid fan Roberts Uldrikis, mar, sa fertelt trainer Pascal Bosschaart: "Tom is geblesseerd geraakt op de training en dat ziet er niet goed uit. Ik heb geen idee hoelang het gaat duren."
It sjocht der net goed út en mooglik hat Boere syn lêste wedstriid fan dit seizoen spile.

Uldrikis op 'e wei werom

Mei syn konkurrint Uldrikis giet it de goeie kant wer op. Hy stiet ek wer op it fjild, mar traint noch net mei de groep mei. "Sinds gisteren is hij weer meer gaan doen. Dat gaat goed", sa seit Bosschaart.
Takom wike binne der ynterlands en is Cambuur frij. Mooglik dat de Letske spits der oer twa wiken tsjin NEC wer by wêze kin. Dat is alteast de hoop fan de technyske stêf: "Ik denk dat voor hem het interlandweekend op een goed moment komt, dan heeft hij nog een extra week naar NEC."
Michael Breij © Orange Pictures
Neist de beide spitsen binne der noch mear spilers net by Cambuur. Keeper Sonny Stevens is al langer út de rûlaasje. Dêrneist binne Jhondly van der Meer en Jasper ter Heide siik.

Gjin Schouten

En dan is der noch oanfierder Erik Schouten. Dy is neffens Bosschaart 'niet honderd procent fit' en ûntbrekt tsjin Go Ahead Eagles. It sintrale duo sil foarme wurde troch Marco Tol en Calvin Mac-Intosch, dy't werom komt fan in skorsing.

Haadsponsor bliuwt

Bûten it fjild koe de klup wol posityf nijs melde. It kontrakt mei haadsponsor Dijkstra Draisma is nammentlik mei in jier ferlinge. Dêrtroch stiet de namme fan it boubedriuw folgjend seizoen foar it 13e jier op rige op it shirt fan Cambuur.
De wedstriid tusken Go Ahead Eagles en SC Cambuur begjint sneontejûn om 18.45 oere. It is live te folgjen yn in ekstra sportprogramma op de radio dat om 18.30 oere begjint. Ut De Adelaarshorst wei fersoarget sportferslachjouwer Andor Faber it kommintaar.
Moandei wurdt der neipraat oer de wedstriid yn in nije SportCast fan Omrop Fryslân.